Onze verenigingen

Hieronder staat een overzicht van de vereningingen van en in Suwâld.

Voetbalvereniging

Historie

De sportvereniging is opgericht op 12 februari 1974 naar aanleiding van een enquête, gehouden door de vereniging van dorpsbelangen. Het 1e bestuur bestond uit J. Bosma, A. van Vaals, K. Jelgersma, H. Spijkstra en S. v/d Meulen. Dit bestuur heeft zich in de jaren die volgden sterk ingespannen voor het winnen van leden en voor het organiseren van sportieve evenementen. In de beginjaren is er ook druk vergaderd met de gemeente over de aanleg van een sportveld in Suwâld. Op basis van een 2e enquête werd besloten tot een brede doelstelling, te weten “het bevorderen van de atletiek en van balsporten in de ruimste zin”. In de eerste jaren werden er vooral wandel- en fietstochten georganiseerd. Nog voordat er een echt sportveld in gebruik kon worden genomen, werd er echter ook al een begin gemaakt met voetballen. Op een gehuurd weiland aan het Noorderend werden op zomeravonden en op zaterdag middagen voetbalwedstrijden gehouden tussen straten teams uit eigen dorp. In het seizoen 1978/ 1979 kon de vereniging eindelijk meedoen aan de competitie van de Friesche Voetbalbond.

Heden

Naast het eerste elftal, dat uitkomt in de 5e klasse van het amateurvoetbal, heeft SV Suawoude bij de senioren ook een tweede elftal, een 35+ team en een damesteam. Het 35+ team en de dames spelen op vrijdagavond hun wedstrijden. Dit is op een aantal vrijdagen in het najaar en in het voorjaar. Het eerste en tweede elftal spelen hun wedstrijden op zaterdagmiddag. Ook is er veel jeugd actief binnen onze vereniging. Sinds het seizoen 2022/2023 is de jeugd samengevoegd met de voetbaljeugd van VV Rijperkerk. In de competitie nemen de teams deel onder de naam RSC (Rijperkerk Suawoude Combinatie).

Zonnepond

In het lage midden van Friesland, nabij de prachtige natuurgebieden Burgumer Mar en de Alde Feanen, liggen aan weerszijde van het Prinses Margrietkanaal, de dorpen Suwâld en Garyp. Het voet- en fietsveerpont verbindt deze beide dorpen en koppelt voor wandelaars en fietsers, de fiets- en wandelpaden aan weerszijden van het kanaal, zodat er bijzonder aantrekkelijke routes zijn ontstaan. Vroeger werd het vaarwater ter plaatse het “Schalkediep” genoemd. De naam wordt in ere gehouden en gedragen door de pont en de kiosk.Het dorp Suwâld is de thuishaven van de “Zonnepont Schalkediep”, de eerste autonoom op zonne-energie varende pont ter wereld! Het dak van de pont bestaat uit zonnepanelen die het licht van de zon omzetten in elektrische stroom. Deze stroom voedt de accu’s welke de energiebron vormen voor de twee elektromotoren.

Sinds 2003 beschikt de stichting in Suwâld tussen de jachthaven en de camperplaats over een riant onderkomen voor bemanning en passagiers. Het prachtige veerhuis wordt bemenst door vrijwillige gastvrouwen. Hier kunt u binnen, of buiten op het beschutte terras, even uitrusten en genieten van het mooie uitzicht en van een smakelijke vertering tegen een alleszins redelijke prijs.Sinds 1995 houdt een team van vrijwillige schippers en gastvrouwen afkomstig uit regio, de pont in de vaart en dat zowel binnen als buiten op het terras van de kiosk wordt bedient. Jaarlijks worden ruim 20000 fietsers en wandelaars op plezierige wijze het kanaal overgezet!

Shantykoar de Pypkesjongers fan Suwâld

De namme

Yn it jier 2000 is it Shantykoar De Pypkesjongers oprjochte. De namme komt fan it plak dêr’t wy doe songen:  it Pypke, de jeugdsoos fan it doarpshûs de Suderfinne. It logo lit in piip om te smoken sjen, mar dat is dus wat oars, want  It Pypke ferwiist nei in slùske. Hawar, wy male der net om en hâlde likegoed geregeld pypskoft. In koarte karakteristyk lit him sjen yn it folgjende ferske:

ÚS SHANTYKOAR (Wize: Across the line)

Wy binn’de Pypkesjongers, wy komme fan Suwâld
Wy sjonge flotte sankjes, mei piper en mei sâlt
Wy gean’ ús gong, sûnder jild yn ‘e pong
wy hawwe wille by de fleet,
 oer see en lân, op hûs wer oan
En it giet ús nea te neet
refrein:
By’t Súderein, de Skipfeart del, oer’t Skalkedjip en ’t Breed
Oer see en lân, op hûs wer oan, want it giet ús nea te neet.

Wat makket ús Shantykoar sa bysûnder?

Eltse wike genietsje wy meiinoar op in fleurige wize fan it sjongen fan shantys en oare ferskes ‘wêr’t in drip oanhinget’.  

De útdrukking mei de drip ha  wy opdien by ús besite oan  it shantycafé fan de radiostjoerder Odrie fan Easterwâlde.  By it kiezen fan nije lieten giet it der om dat se passe yn it genre fan de shantymusyk en oare seemanslieten. Sa net, dan ferlieze wy ús status as shantykoar.
It giet yn it foarste plak om echte shanty’s.  Dat binne wurklieten dy’t eartiids songen waarden op de grutte sylskippen lyk as  Klippers  en Windjammers  sa’t dy’t noch te sjen binne by  Sail eveneminten lyk as yn Harns, Delfsyl, Den Helder en  fansels Amsterdam. Sokke lieten waarden faak ûnder lieding fan in shantyman songen by it hisen fan de seilen, it opheljen fan it anker of it betsjinjen fan de lenspompen.
As de seelju efkes lins hiene waarden der ek wol balladen songen, saneamde forebitters.  De bemanning  siet dan noflik byinoar  op it foardek  mei in spylman  mei in trekzak derby. En dan mar sjonge oer fiere reizen, moaie froulju,  brike setten, fjochterijen  en sa. 
Oare sankjes waarden oan ‘e wâl songen, meastal yn in (seemans)kroechje. Dy kroechlieten  gongen ek wol oer drank en  dêr hong  dan ek dúdlik in drip oan en wol mear as ien en twa!  Sa komme wy ek op lieten dy’t oer in bepaalde stêd of lânstreek  geane, wêr’t in seeman om utens grutsk op is en mei hertsear oan werom tinkt.  Ek oer de fiskerij wurdt omraak songen.
Net alle lieten binne like fleurich, it weemoedige leit der faak dik boppe op. Men soe de yndruk krije kinne dat it allegearre like swiersettich is wat de klok slacht, mar dat falt wol in slach ta, want wy sjonge “met een blij gemoed” en fleurich sin en der is by ús optredens altiten romte  foar fleurige sankjes  dy’t maklik mei songen wurde kinne troch it publyk. 

Ienriedigens.

De ienriedigens yn it koar is grut en der wurdt mei ynmoed songen en oefene op ús rippetysjes. Mar ek dêrbûten libje wy meinoar mei, benammen op mominten dat wy ôfskied nimme moatte fan in sjongmaat, omdat dy belies jaan moast yn syn striid tsjin in slimme sykte of omdat er  troch in slim ûngemak út de tiid rekke is. It docht dan hiel sear om in fijne maat ferlieze te moatten. As koar fiele wy ús op sa’n stuit och sa ferbûn meiinoar.  Wy binne dan tige ferslein en  kinne samar in pear kear it sjongen efterwege litte. Dêr stiet de holle dan efkes net nei. Op sokke mominten binne wy foaral in freoneklup, dy’t “lief en leed” meiinoar dielt. Meastal binne wy dan ek op de iene of oare wize presint by de útfeart. Yn in ôfskiedswurd hawwe wy ús ferbûnens ris sa ferwurde: “Wy ha as leden in hechte bân meiinoar en foar iederien is it  ferstjerren fan in leave freon in ûnbegryplike en  swiere klap.”

Optredens,  gearwurkjen en mear

As Pypkesjongers steane wy midden yn de mienskip en wy litte  ús graach hearre , ek yn Suwâld,  bygelyks op Keningsdei of by it Skalkedjip by de iepening fan it wettersportseizoen.  Wat in aardicheid as wy yn ‘e folop dwaande wêze kinne mei in presentaasje. Dan sjonge wy ornaris as klysters. Dat wie ek sa by in optreden yn de tsjerke fan Aldtsjerk op de middei fan de gemeentelike Monumentedei. Soks is  in boppeslach. In tsjerkefol folk en elk fermakket him ta de teannen út. Ek prachtich fûnen wy dat wy in  bydrage leverje  mochten oan it wolslagjen fan  it iepenloftspul  “Op Hoop fan Segen”. Wat is dat dochs moai as in doarpsmienskip oer sokke kreatieve minsken  as de lju fan ‘Kom Mar OP’ beskikke kin. Minsken dy’t ek noch ris it lef hawwe troch te setten. Under it motto as it net kin sa’t it moat, moat it mar sa as it kin. Fijn om dan as doarp meinoar ien te wêzen.
As shantykoar wurde wy faak útnoege om in bydrage te leverjen by in feestlike betinking, in jubileum of in strjitfestival en fansels trede wy ek geregeld op yn fersoargingstehuzen lykas Bennemastate. Wy priizgje ús gelokkich as wy dan fersterking krije fan ús  sjongmaten fan it  eardere shantykoar de Feanstampers út Warten.
Hiel besûnder binne de jierliks optredens yn Hurdegaryp yn it kader fan de Federaasje fn Sjongkoaren út Tytsjerksteradiel. Wy sjonge dan mei hert en siel en krije de hiele seal mei. Dêr is dan ek wol ris in jury by  en neffens sa’n juryrapport wiene wy in:  Een aanstekelijk koor! Jullie weten ook  kleur en  sfeer aan te brengen. Mooi dat zacht zingen er ook bij hoort, dat hoor je helaas niet vaak bij shantykoren! Volgens mij zouden jullie (nog) wel meer meerstemmige zettingen kunnen zingen. 
No dan hearre je it ek ris fan in oar.

Us ambysje soarget út en troch foar bûtengewoanichheden lykas in befrijingskonsert yn Suwâld wêr’t de skoalbern ek oan meidogge en fansels net te ferjitten de produksje fan in echte CD.
Us CD hyt Ten Thousands Miles Away, mei as ûndertitel In noflike jûn mei de Pypkesjongers.  It wie in hiele toer om dy produksje foar elkoar te krijen, mar mei troch in subsydzje fan Doarpsbelang Suwâld en de rynske finansjele stipe fan de Suwâldster middenstanders annex ZZP-ers slagge dat wonderwel. Mei troch dy CD wie der  oandacht foar ús koar yn de media. Net allinnich by Omrop Fryslân  en by ús eigen regionale stjoerder RTV Kanaal 30 yn it programma “op ‘eHichte” , mar ek by de streekomrop Odrie yn Easterwâlde. Yn harren programma “Shantycafé”  wiene wy te gast omdat ús  plaatsje de CD fan ‘e wike wie.

Stipe

Bliid binne wy mei de stipe dy’t wy krije fan de minsken út it doarp dy’t om ús tinke by de RABO- Clubsupportaksjes  en by de Spaar je club gezond  aksjes fan de Plus. Dik ynoarder. As wy optrede yn Suwâld  dogge wy dat faak om ‘e nocht, want sa wolle wy graach ús tank oerbringe oan de minsken dy’t ús  stypje mei dy finansjele  aksjes fan de Rabobank en de Plus. Wy binne och sa  wiis mei de opbringst. Hiel fijn is dat wy by it werven fan de stimmen oparbeidzje kinne mei ús tonielklub Kom mar op  en de Sportclub.

Missie en organisaasje
As Shantykoar De Pypkesjongers fan Suwâld wolle wy foaral: 

“Bewust zingen, met het accent op gezellig samen zingen en plezier maken”.

De Pypkesjongers binne mei de tiid meigien en  binne feroare fan in koar dat op jûn syn rippetysjes hâldt  nei in saneamd “overdagkoor” . Troch op middei te sjongen kinne wy ús (âldere) leden fêst hâlde en wat makliker nije leden winne.  We hawwe ús rippetysjes op woansdeitemiddei fan 14.00 oant 16.00 oere yn de smûke bar fan de Suderfinne. De rippetysjes begjinne ornaris  op de earste  woansdei yn septimber.

Us musikanteseksje bestiet út fjouwer instrumentalisten. Wy hawwe twa accordeonisten, in gitaarspiler en in ukelele- annex fluitspiler. By optredens en sa kinne wy faak in berop dwaan op in drummer.
Fierder rêde wy ús sels. It komt der op del dat de Pypkesjongers  de piip noch lang net út ha en fleurich fierder flierefluitsje op harren oefensessies en optredens.

Wa’t mei ús mei dwaan wol is  fan herte wolkom!
Om de kontribúsje hoeft it net oer te gean dat is mar € 75,00 yn it jier

Formele kontakten mei ús koar rinne fia Jappie Bakker 06-53300268, e-mail jappiebakker46@kpnplanet.nl  en foar de Suderfinne mei Gerrit Hofman 06-38386116

Fierder is der fansels ek ús eigen webside: www.depypkesjongers.frl 

Dizze tekst is makke troch Pier Boonstra.(0511-469770) dd. 20  juli 2023